Rûnliedings bouput Saailân

Tekening fan hoe't it wurde moat
Sawat 140 minsken hawwe sneon in rûnlieding hân troch de bouput op it Saailân yn Ljouwert. Dêr wurdt in nije parkeargaraazje boud, op it plak fan de âlde. Alle dagen stean der wol minsken by de bou te sjen, mar dy moatte altyd efter it stek bliuwe.
Sneon mocht it publyk yn groepen tichterby komme. De oannimmer wie derby om útlis te jaan. De oannimmer koe op syn meast sân kear in groep fan tweintich minsken talitte, mar de belangstelling wie folle grutter.