Wer bus troch De Pein/Nyegea

Der rydt wer in bus troch de doarpen De Pein en Nyegea. De ynwenners moasten jierrenlang nei Nijtap of Nyegeasterhoeke om dêr op de bus te stappen, want line 19 fan Easterwâlde nei Ljouwert gie oer de Wâldwei.
Se hawwe it nea iens west mei it ferdwinen fan de bus en doe't Qbuzz ferline jier de konsesje foar it busferfier krige, ha se in ûndersyk oanfrege. Dêrút die bliken dat de bus likegoed troch de doarpen ride kin wat tiid oanbelanget.