Lintsje foar Haveman

11 des 2009 - 20:55

Boargemaster Marian Haveman fan Frjentsjeradiel hat freed in lintsje krigen. Sy is beneamd ta Ridder yn de Orde van Oranje Nassau. Haveman krige de keninklike ûnderskieding by de resepsje fanwege har ôfskie as boargemaster.

Haveman hâldt nei 16 jier op yn Frjentsjerteradiel. Yn dy perioade krige sawol de PC as it Eise Eisinga planetarium it predikaat keninklik. Ek fierde de keninklike famylje ferline jier Keninginnedei yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)