Stroomsteuring yn de Wâlden
In grutte stroomsteuring hat freedtejûn foar oerlêst soarge yn parten fan de Wâlden. Under oare de doarpen Hurdegaryp, Burgum, Noardburgum, Broeksterwâlde en Feanwâlden binne troffen.
De steuring waard feroarsake troch koartsluting yn in ferdielstasjon yn Burgum. Sa'n 2000 adressen sieten goed twa oeren sûnder stroom.