OK-punten yn Ljouwert

11 des 2009 - 15:49

Yn Ljouwert binne freed 16 saneamde OK-punten iepene. By sa'n punt kinne minsken telâne as se har net feilich fiele. Ek kinne se der komme as se oerfallen of op strjitte lestich fallen binne.

Sa'n punt is te herkennen oan in blau buordsje mei 'ok' derop oan de gevel. As de lampe fan it buordsje baarnt, is ien oanwêzich dy't traind is om te helpen. De punten binne ûnder oare te finen by de parkeargaraazjes, diskoteek Fire en restaurant Doozoo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)