Lintsje skriuwer Van der Ploeg

Boargemaster Eric ter Keurs (links) © Omrop Fryslân
Skriuwer Durk van der Ploeg (81) út Noardburgum is tongersdei keninklik ûnderskieden. Dat waard dien by de presintaasje fan syn 21e roman 'De Belvedêre'. Van der Ploeg waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De fersiersels dy't dêr by hearre waarden him opspjelde troch boargemaster Ter Keurs fan Tytsjerksteradiel.
Neist boeken skreau Van der Ploeg ek proaza en makke er literêre kritiken foar de Ljouwerter krante. Hy wûn ûnder oare de Rely Jorritsmapriis en de Gysbert Japicxspriis.