Fryske bern krije keatsles

Keatsles moat bern foar de sport ynteressearje
Bern sille keatsles op skoalle krije. Studinten fan it CIOS fersoargje dy lessen. Doel is om de takomst fan it keatsen feilich te stellen. De provinsje en it keatsbûn ha dêr noed oer en ha mei it CIOS dit plan betocht. De provinsje jout dêr jild foar.
In gearwurkingsoerienkomst is freed tekene. It stribjen is om 10 prosint ekstra jonge keatsers by de klups te krijen.