Nije sponsor foar reedriders

It gewest Fryslân fan de KNSB hat lang om let in nije sponsor. Fersekerder Kuidersma fan De Jouwer ferbynt him foar fjouwer jier oan it gewest. It kontrakt giet it nije seizoen yn, mar de namme fan de sponsor sil de kommende tiid al op de klean fan de reedriders te sjen wêze.
Kuindersma levert dit seizoen al in finansjele bydrage. It gewest siet sûnt in jier sûnder haadsponsor neidat de Wind-groep ôfheakke wie. It gewest hopet noch mear sponsors te finen.