Gebak yn de trein

11 des 2009 - 11:47

ProRail dielt moandei gebak út op it treinstasjon yn Ljouwert. De organisaasje docht dat om't in dei earder de nije tsjinstregeling yngiet. Yn dy tsjinstregeling stiet ûnder oare dat tenei op sneon ek alle oeren in sneltrein tusken Ljouwert en Grins rydt.

It gebak wurdt útdield tusken alven en tolven moarns. Ek op 17 oare stasjons yn Nederlân wurdt gebak útdield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)