Filmke oer yllegaal fjoerwurk

De Fryske plysje set YouTube yn om minsken te warskôgjen foar de gefaren fan yllegaal fjoerwurk. Neffens de plysje kin in soad ellinde foarkaam wurde as minsken goed oppasse.
Yllegaal fjoerwurk is minder feilich. It is faak swierder en reagearret heftiger as legaal fjoerwurk. De plysje ropt ek minsken op de plysje yn te skeakeljen as se tinke dat ergens hannele wurdt yn yllegaal fjoerwurk of as ergens yllegaal fjoerwurk ôfstutsen wurdt.