Gearwurking foar Natuermuseum

11 des 2009 - 09:17

Der komt in ûndersyk nei gearwurking tusken it Natuermuseum yn Dokkum en it natueredukaasjesintrum De Klyster yn Damwâld. It ûndersyk wurdt dien troch in kommisje dy't troch de gemeente Dongeradiel yn it libben roppen is. De gemeente betellet ek it ûndersyk.

De kommisje sil ûnder oare sjen oft it museum en it edukaasjesintrum elkoar fersterkje kinne. Beide organisaasjes binne posityf oer in eventuele gearwurking.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)