Wâldwei noch diels ôfsletten

11 des 2009 - 06:11

Ferkear kin freedtemoarn foarearst noch net oer de Wâldwei tusken de Werpsterhoeke en de ôfslach nei Ljouwert-East en Wergea. It stik dyk is yn beide rjochtings ôfsletten fanwege in ûngelok. De plysje tinkt de Wâldwei om in oere of alve wer frijjaan te kinnen.

It stik dyk waard tongersdeitejûn ôfsletten nei in ûngelok. Dêrby wiene in bestelbuske en twa frachtauto's belutsen. De bestjoerder fan it bestelbuske kaam om it libben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)