Baneferlies skokt fakbûnen

De reorganisaasje by Friesland Campina is folle grutter as de fakbûnen yn it foar ferwachte hiene. Tongersdei makke de direksje fan it bedriuw bekend dat der al mei al de kommende twa jier 600 banen ferdwine, wêrfan goed 200 yn Fryslân. De reorganisaasje is it gefolch fan de grutte fúzje tusken Friesland Foods en Campina. Troch in tal ôfdielings en fabriken te sluten wol it bedriuw effisjinter wurkje.