Deadlik ûngelok op Wâldwei

Foto: nieuwsuitfriesland.nl
By in ûngelok op de Wâldwei by Ljouwert is tongersdeitejûn de bestjoerder fan in bestelbuske om it libben kommen. It bestelbuske is frontaal op in frachtauto klapt. De sjauffeur fan de frachtauto bedarre dêrop op syn kant yn de berm.
Efter de frachtauto siet noch in frachtwein. Dy is ek yn 'e berm telâne kaam. De sjauffeur rekke ferwûne. De oare sjauffeur hie neat. De Wâldwei waard nei it ûngelok ôfsletten.