Stroetinga net nei OS

De reedriders Arjan Stroetinga en Jorrit Bergsma meie net meidwaan oan de Olympyske Spelen fan Vancouver. Se woene mei de Kazakse nasjonaliteit meidwaan oan de Olympiade.
By de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City woene se foldwaan oan de kwalifikaasje-easken. Mar de ynternasjonale reedrydfederaasje ISU hat gjin tastimming jûn om te starten. De reedrydfederaasje bestudearret de saak noch.