Ferlies Jong Hearrenfean/Emmen

10 des 2009 - 21:08

Jong Hearrenfean/Emmen hat de ynhelwedstriid tsjin Jong FC Grins mei 3-1 ferlern. Op it keunstgers fan amateurferiening De Vogels yn it Grinzer stedspark naam de thúsploech troch doelpunten fan Serhat Koç yn de earste helte in 2-0 foarsprong. De Frysk-Drintske kombinaasjeploech spile net geweldich.

Yn de twadde helte waard it troch Darryl Lachman 3-0 en daliks dêrnei rêde Pawel Wojchiechowski de eare foar Jong Hearrenfean/Emmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)