Takomst Ofslútdyk op pylder

De Ofslútdyk
Rykswettersteat pleatst takom wike freed in ynformaasjepylder oer de takomst fan de Ofslútdyk. Der stiet ynformaasje op oer de fjouwer takomstfyzjes fan de Ofslútdyk. It binne ûnder oare plannen om ferbetterings foar it ferkear oan te bringen en foarsjennings foar duorsume enerzjy. De ynformaasjepylder komt yn de wachtromte fan Rederij Doeksen yn Harns te stean.
Rykswettersteat wol de minsken goed ynformearje oer de Ofslútdykplannen.