Offalheffing Koll'lân omleech

De gemeente Kollumerlân besparret takom jier in lytse ton op it opheljen en ferwurkjen fan ôffal. Troch it ôffal op it stoart better te skieden kin 40.000 euro besparre wurde.
De rest wurdt fertsjinne mei de oanskaf fan in nije jiskewein. Dêr hoecht noch mar ien persoan op te wurkjen. De besparring is werom te sjen op 'e rekken dy't de boarger krijt. Dy sil in pear tientsjes leger útfalle.