Vries krijt Halbertsmapriis

Oebele Vries
Yn de Grouster Sint Pitertsjerke hat Oebele Vries tongersdei de Joast Halbertsmapriis krigen. De dosint Fryske taal en kultuer oan de ryksuniversiteit Grins krige de trijejierlikse ûnderskieding foar syn folsleine wittenskiplike wurk.
It giet dan om Vries syn wurk op it mêd fan Fryske skiednis, de Fryske taalskiednis en de Ald-Fryske filology, de lear fan net mear besteande farianten fan it Frysk dy't yn it ferline sprutsen waarden.