F15 yn Jirnsum foar spuitwurk

De F15A Eagle fan McDonnel Douglas
De firma Elzinga yn Jirnsum hat in bysûndere opdracht. It bedriuw sil in F15 strieljager oerspuitsje. Mei spesjaal transport is de McDonnel Douglas F15A Eagle woansdeitejûn oerbrocht fan Soesterberg nei Jirnsum.
De 19,5 meter lange strieljager is ta oan in opknapbeurt en der binne mar in pear bedriuwen dy't dat kinne. It bedriuw hopet yn 'e takomst mear wurk dwaan te kinnen foar definsje. As de opknapbeurt klear is giet de F15 nei it Militêr Loftfeart Museum.