Skikking Snits/Van Mansum rûn

It draaide yn 'e affêre om ûnfeilige bernesitsjes
Der is nei 35 jier in ein kaam oan it skeel tusken de gemeente Snits en de erven Van Mansum. De gemeente Snits betellet de famylje 850.000 euro as skeafergoeding. De rúzje ûntstie troch in bernesitsje dat Willem van Mansum yn 1974 ûntwikkele. It sosjale wurkplak Finkenburgh fan de gemeente Snits die de produksje, mar brûkte net de goeie materialen. Dertroch kaam it sitsje net troch de keuring fan TNO.
In lilke Van Mansum easke miljoenen skeafergoeding.