Man oppakt foar bedriging

10 des 2009 - 10:50

De plysje hat woansdei yn Drachten in 33-jierrige man út dat plak oanhâlden fanwege bedriging. De man hie spul hân mei in bussjauffeur oer it keapjen fan in kaartsje. Koart dêrnei rekke de bussjauffeur oan de praat mei fjouwer minsken dy't ek yn de bus sieten.

Dat wie de Drachtster min nei't sin. Hy begûn de minsken te bedriigjen en mei se te fjochtsjen. De plysje waard ynskeakele en dy hat de man meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)