8+ groep yn Sint Anne

De Foorakker krijt begjin takom jier in 8+ groep
De Foorakker yn Sint Anne en Underwiisgroep Fier begjinne yn jannewaris mei in 8+ groep foar de iepenbiere basisskoallen yn de Middelseegemeenten. Dy 8+ groep bestiet út bern fan de heechste groepen dy't goed leare kinne. Sy geane ien deidiel yn 'e wike nei de Foorakker foar oanpaste opdrachten en lesstof.
Yn it projekt wurdt gebrûk makke fan de ûnderfiningen mei de 8+ groep yn Ljouwert.