Subsydzjes op 'e nij besjoen

Deputearre Sjoerd Galema fan finânsjes
Alle troch de provinsje subsidiearre ynstellings yn Fryslân hawwe in brief krigen mei de meidieling dat se mooglik nei 2011 gjin jild mear krije. De provinsje sjocht op it stuit nei de taken dy't se yn de takomst útfiere wolle.
Oan de hân dêrfan wurdt dan besjoen wêr't al of gjin jild hinne giet. Benammen de organisaasjes yn de sosjale sektor binne benaud dat se slachtoffere wurde sille.