Team foar feiligens H'fean

Om de buert feilich en sosjaal te hâlden, hat de Fûgelbuert op It Hearrenfean sûnt woansdei in buertprevinsjeteam. Dit team soarget derfoar dat it rêstich bliuwt yn de wyk. It wol minsken helpe dy't yn in sosjaal isolemint libje, of finansjele problemen hawwe.
It team kin dizze minsken yn kontakt bringe mei ynstânsjes dy't har helpe kinne. Ek wol it oerlêst yn de wyk foarkomme troch in goed kontakt mei de jeugd te ûnderhâlden.