Fryske produkten de wrâld oer

09 des 2009 - 21:30

Foar Friezen dy't yn it bûtenlân wenje en wol graach typysk Fryske produkten yn hûs ha wolle, is der in nije webside: buterbreaengrienetsiis.com. Fia dizze webside kin der in grut ferskaat oan Fryske produkten kocht wurde, bygelyks Fryske cd's en dvd's, mar ek posters fan it Fryske lânskip, klompen en oranjekoeke.

It haadkantoar stiet yn Stiens, dêr wurde ek alle produkten nei it bûtenlân ferstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)