Ynspraak oer spoar Drachten

09 des 2009 - 17:20

Oare wike tiisdei kin elkenien syn miening jaan oer it spoar yn Drachten. Der is dan in riedskommisje oer dat ûnderwerp. Yn in eardere riedsgearkomste waard al dúdlik dat in mearderheid fan de ried foar de spoarferbining tusken It Hearrenfean en Grins is, mei ek yn Drachten in stasjon.

Op tongersdei wurdt der yn de gemeenteried wer oer praat. De ynspraak op tiisdei is fan healwei achten ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)