Minder algen yn Waadsee

09 des 2009 - 16:52

De lêste jierren binne der minder algen yn de Waadsee as yn it ferline. Dat docht bliken út ûndersyk fan it NIOZ. It NIOZ ûndersiket it tal algen al mear as fjirtich jier. Sûnt de jierren njoggentich bloeie der benammen yn de hjerst folle minder algen.

Dat hat mooglik gefolgen foar bisten dy't algen ite, lykas skulpbisten. Sa is bygelyks it tal nontsjes yn deselde perioade ek bot ôfnaam, mar it is net dúdlik oft dêr in relaasje tusken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)