Noch gjin beslút oer Cambuur

29 mrt 2012 - 17:07

De rjochter yn Swolle hat aksjes fan de plysje freed yn Deventer ferbean. Dêrtroch kin de wedstriid Go Ahead Eagles tsjin FC Den Haag gewoan trochgean. De plysje wie ek fan doel snein aksjes te hâlden ûnder de wedstriid Cambuur-Zwolle.

Boargemaster Crone fan Ljouwert moat beslute at Cambuur-Zwolle trochgean kin. Hy woe earst ôfwachtsje wat de útslach fan it koart pleit tsjin de plysjefakbûnen yn Deventer is. As de plysje aksjefiert en der net genôch plysjeminsken beskikber binne foar de fuotbalwedstriid, soe Crone it net trochgean litte.

No't de rjochter aksjes ferbean hat, liket it dat der genôch plysje is om de wedstriid spylje te litten. Crone moat noch in beslút nimme.

Trefwurden: 
Cambuur
(advertinsje)