Underskieding foar Jorwerters

09 des 2009 - 13:22

Wouter Hylkema en Tjalling Rodenhuis út Jorwert krigen tiisdei in ûnderskieding omdat sy Ben Barkema fan Lelysted rêden hawwe. Hylkema en Rodenhuis hellen Barkema 12 jannewaris 2009, yn in perioade mei winterwaar, út de auto dy't yn de sleat rekke wie.

Barkema hie by har op wurkbesite west. Fuort dêrnei miste hy de bocht en skeat mei de auto yn de beferzen sleat. Hy wie al swier ûnderkuolle doe't Hylkema en Rodenhuis deryn slaggen om him út de auto te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)