Binnenklimaat skoallen oanpakt

09 des 2009 - 11:15

Sa'n 200.000 euro wurdt ynvestearre om yn 2010 it binnenklimaat fan de skoallen yn Dantumadiel te ferbetterjen. De gemeente krijt 120.000 euro fan it Ryk en stekt der sels sa'n 80.000 euro yn. It jild wurdt brûkt foar enerzjybesparjende maatregels, it ferfangen fan âlde cv-tsjettels en in bettere isolaasje fan de acht skoallen.

De ynvestearrings binne ek bedoeld om de ekonomyske krisis yn de bou tsjin te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)