Utstel betelling Verkleygroep

jild © ANP XTRA
De Verkleygroep yn Drachten hat útstel fan betelling oanfrege foar ien fan de ûnderdielen fan it bedriuw. Verkley is spesjalisearre yn de oanlis fan liedingen en kabels, ûnder en boppe de grûn. Der wurkje 159 minsken.
It bedriuw is gearstald út in tal BV's dy't op it stuit mei ferlies draaie. Om net hielendal te'n ûnder te gean is útstel fan betelling frege foar Verkley Infra Holding. Yn dy holding wurkje gjin minsken, der wurde dan ek gjin minsken ûntslein, is de ferwachting.
Yn it management fan it bedriuw feroaret wol wat, trije fan de fjouwer direkteuren krije gjin ferlinging fan har kontrakt.