Scooter boppe op auto

09 des 2009 - 10:28

In 22-jierrige scooterrider út Ljouwert is tiisdei ferwûne rekke by in botsing op de rotonde fan de Eglantierstrjitte en it Kealledykje.

In 57-jierrige automobiliste stie stil op it fytspaad foar de rotonde om te sjen oft se trochride koe. De man op de scooter klapte boppe op de auto. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)