Fritsma listlûker PVV

09 des 2009 - 06:11

Fries om utens Sietse Fritsma wurdt listlûker foar de de PVV yn Den Haach by de gemeenteriedsferkiezings. Dat makke PVV-lieder Geert Wilders tiisdei bekend yn it tv-programma Het Elfde Uur. Fritsma bliuwt wol aktyf yn de twadde keamer, seit Wilders.

De âld-Frjentsjerter giet foar de PVV oer asyl- en migraasjesaken. Fritsma giet yn Den Haach ûnder oare de striid oan mei âld-keamerfoarsitter en âld-Stellingwerfster Jeltje van Nieuwenhoven fan de PvdA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)