Minder GGD-ers by ynintings

08 des 2009 - 21:26

De GGD Fryslân set takom wike alle dagen tsien minsken minder yn by de twadde faksinaasjeronde tsjin de meksikaanske gryp. Dat binne dan ûngefear 140 minsken op in dei. Dat kin omdat no de opkomst bekend is. By de earste ronde kaam 75% fan alle bern en âlden dy't oproppen wiene. Dêr wurdt no rekken mei hâlden.

Fryslân heart lanlik sjoen by de top trije as it giet om de opkomst. Allinnich yn Nijmegen en in part fan Brabân kamen mear minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)