Kuorbal werom op skoalle

De ûndertekening wie yn it stedhûs yn Ljouwert
Der moat wer in kuorbalkompetysje komme op de skoallen yn Ljouwert. Ek moatte de studinten wat oan kuorbal dwaan. It binne in pear plannen fan de nije wurkgroep dy't him dwaande hâldt mei de organisaasje fan it Europeesk kampioenskip kuorbal. Dat is takom jier oktober en Ljouwert is ien fan de stêden dêr't dat hâlden wurdt.
Yn Ljouwert binne tiisdei de kontrakten ûndertekene tusken de kuorbalklups en de gemeente. It EK is fan 22 oant 31 oktober 2010.