Advys om enerzjy te besparjen

Hierders fan wenningkorporaasje WoonFriesland kinne help krije by it besunigjen op de enerzjyrekken. Mei in spesjale webside kinne se besykje te besparjen op stookkosten en elektrisiteit.
Minsken krije in aksjeplan en tips en advizen. It aksjeplan is hielendal rjochte op de wensituaasje fan de hierder. Dy kin dan sels kieze hoe't er besparje wol. De ynformaasje dêr't de side gebrûk fan makket, komt fan in lanlike miljeu-advysorganisaasje.