Krystbeam foar winkeliers

08 des 2009 - 15:11

Alle winkeliers oan it Saailân yn Ljouwert hawwe tiisdei in krystbeam krigen fan it gearwurkingsferbân Project Nieuw Zaailand. De beam is bedoeld om it Saailân yn dizze tiid fan de drokke bouwurksumheden dochs in gesellige útstrieling te jaan.

It giet om in keunstkrystbeam en de bedoeling is dat dy meardere jierren brûkt wurde sil. De saneamde WinterWinkelstrjitte wurdt no tongersdei offisjeel iepene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)