Selstraf Surhústerfeanster

08 des 2009 - 14:23

In 19-jierrige ynwenner fan Surhústerfean hat tiisdei in finzenisstraf fan 2,5 jier krigen, wêrfan 10 moanne ûnder betingst. Ek moat de man noch twa moanne sitte foar oare geweldmisdriuwen.

De Feanster hat op in feest nei ôfrin fan de profronde dizze simmer yn Surhústerfean in oare feestfierder tsjin de holle skopt. It slachtoffer rekke bûten westen en moast mei in brutsen noas nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)