Húsdokters net goed berikber

08 des 2009 - 14:14

Húsdokters binne net goed berikber en it meitsjen fan in ôfspraak is faak lestich. It binne de earste konklúzjes fan in meldaksje dien troch Zorgbelang Fryslân. Dy organisaasje komt op foar de belangen fan alle Friezen dy't soarch krije.

Mei in enkête fregen se 400 Friezen wat se fine fan de berikberens en service fan harren dokter. De measten sizze it in probleem te finen dat se mar op ien tiidstip in ôfspraak meitsje kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)