Bibleteken wolle gruttere rol

Dongeradiel wol besunigje op bibleteken, mar dat betsjut dat de kontribúsje twa kear sa heech wurdt. De bibleteken binne benaud dat se dan folle minder klanten krije.
Dongeradiel wol besunigje en besiket jild frij te meitsjen om de ekonomy te fersterkjen. Dat bart troch jild by sosjale ynstellings wei te heljen. Moandei wie der in harksitting oer de besunigings. De bibleteken tinke dat se troch in gruttere rol krekt bydrage kinne oan in sterkere ekonomy.