Wymbrits krijt senioaregids

08 des 2009 - 13:41

Yn Wymbritseradiel is in spesjale gemeentegids makke foar senioaren. It lettertype is grutter as yn de gewoane gids en de ynhâld is oanpast.

De gemeente hat de senioarewizer makke foar alderein dy't selsstannich wenje. Hawwe se bygelyks help nedich by it húshâlden of fragen oer de soarch dan kinne se alles maklik weromfine yn 'e nije gids. 2600 minsken krije de senioarewizer tastjoerd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)