Stik 'Sulveren Bal' rint goed

08 des 2009 - 13:21

De earste foarstellings fan De striid om de Sulveren Bal binne al útferkocht. Foar de try-outs en de premjêre op 18 desimber binne gjin kaartsjes mear te krijen. It teaterstik fan jeugdteaterskoalle 'n Meeuw en Tryater spilet fan 15 oant 30 desimber yn De Harmonie yn Ljouwert.

It stik is bassearre op trije boeken fan Nynke van Hichtum: De jonge priiskeatser, De tsien fan Martens Afke en Schimmels voor de koets. It giet oer earmoede en oer keatsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)