Moandei skou yn saak Ooms

08 des 2009 - 11:33

It gerjochtshôf yn Ljouwert sjocht moandei yn Haulerwyk op it plak dêr't Marinus Ooms om it libben brocht is. Ooms waard yn oktober 2006 yn syn hûs mei messtekken fermoarde. De rjochtbank hat de trije fertochten yn 2008 feroardiele ta 10, 15 en 18 jier sel. Alle trije giene yn heger berop.

De haadfertochte ûntkent dat er op it plak fan de moard wie. De beide oare fertochten wisten de oanrinrûtes nei Ooms syn hûs krekt te beskriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)