Fytsers feilich op Blauforlaet

Fytsers sille op de Blauforlaetsbrêge by Stynsgea net mei grutte trekkers konfrontearre wurde. De trekkers bliuwe op de haadrydbaan. Dat docht bliken út in memo fan it kolleezje fan B&W fan Achtkarspelen oer de rekonstruksje fan de N358 tusken it buorskip Lytsepost en de ôfslach Stynsgea.
Yn it brief oan de riedsfraksjes stiet dat de gruttere trekkers op de haadrydbaan bliuwe.