Kwaliteitsguod op feiling

08 des 2009 - 10:55

By Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts is it ek te fernimmen dat we mei in krisis te meitsjen hawwe. De kwaliteit fan it guod dat ynbrocht wurdt leit folle heger as yn oare jierren. It liket derop dat guon minsken ferlet hawwe fan jild. Fierder hawwe dit jier al twa fallisemintspartijen fan juweliers ûnder de hammer west.

Moandei waard in topstik fan de Fryske keunstskilder Sjoerd de Vries feild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)