Oerlêst troch stik autobân

By in ûngelok op de A7 hawwe moandei acht auto's skea oprûn. In frachtwein wie by Terwispel in stik autobân kwytrekke. Dat wie op 'e dyk bedarre. De bestjoerders fan de acht auto's hawwe besocht it stik bân te ûntwiken. De auto's, wêrûnder in plysje-auto, rekken dêrby skansearre.
De frachtweinsjauffeur waard op de ôfrit by Beetstersweach oantroffen. Hy sei dat er neat yn de gaten hie en troch oare sjauffeurs warskôge waard oer syn bân.