Himpkwekerij Ljouwert oprôle

08 des 2009 - 10:06

De plysje hat moandeitemiddei oan de Tabagostrjittte yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. Yn in wenning waarden goed 380 weedplanten fûn. Dy binne yn beslach naam en ferneatige.

Op it momint fan de ynfal wie der net ien yn de wennig oanwêzich. De plysje docht fierder ûndersyk en hopet de eigner fan de kwekerij gau te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)