Undersyk ferkearsfeilichheid

Sander de Rouwe
CDA-Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe sil freed de ferkearsfeilichheid yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren besjen. Hy docht dat op útnoeging fan it CDA Ljouwert. Dy hat koartlyn in grut tal minsken frege wat sy fan de ferkearfeiligens yn 'e wenwyk fine.
De resultaten sille freed presentearre wurde. It te hurd riden op plakken dy't oanwiisd binne as 30-kilometer-gebiet jout in soad argewaasje.