Ferplichte autokomby Cambuur

08 des 2009 - 08:47

Foar Cambuursupporters dy't sneon nei de wedstryd tsjin FC Omniworld yn Almere wolle, jildt in ferplichte autokomby. Se binne ferplicht om it kenteken fan de auto registrearje te litten. Boargemaster Jorritsma fan Almere hat dat bepaald, omdat it neffens har om in risikowedstryd giet.

Kaarten foar de fuotbalwedstryd binne foar Cambuursupporters allinnich te krijen nei foarynskriuwing. Dêrby wurde de kentekens en de ynsittenden fan de auto registrearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)